Fototentoanstelling 'Us Keet' lit ferhaal achter plattelânsketen sjen

29 jun 2020 - 14:44

Martina Ketelaar fan Boalsert is gek op keten en hat der in hiel soad op de foto set. Har wurk is fan woansdei ôf te sjen op de tentoanstelling 'Us Keet' yn it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert.

Foto: Martina Ketelaar

Yn in keet, faak in âlde caravan of in selsboud honk, komme jonge minsken byinoar foar de gesellichheid.

Se komt sels ek wolris yn keten, se hat net ien fêst plak. "Ik fyn it wol gesellich en omdat ik yn ferskillende kom, seach ik de ferskillen ûnderling", fertelt Martina Ketelaar (1997). Doe't se foar har fotografy-oplieding yn Amsterdam in opdracht socht, die se dat yn eigen omjouwing.

"Ik hoegde allinne mar myn kamera mei en koe sa oan de slach." Se die in oprop op sosjale media nei keten en krige wol 800 reaksjes. "Ik skrok derfan, safolle wienen it, ik koe it net mear oan. En se wienen allegearre posityf, elkenien woe meidwaan."

Blommen en dinerbonnen

Fansels koe se net oeral hinne en makke se in kar. "By guon ha ik ien kear west en by oaren meardere kearen." De keetbesikers wienen wiis mei har besite. "Ik krige blommen en dinerbonnen tastjoerd."

Wat is op de foto's te sjen? "Ik woe it libben yn de keet fêstlizze. Minsken ha faak in byld dat it sûpketen binne, mar ik wol mei myn wurk sjen litte wa't de minsken binne, wat se dogge en leuk fine. In keet giet foar my oer saamhorigheid. Guon minsken binne hiel ynnovatyf, en meitsje in soad sels. Ik woe eins it ferhaal achter de keet sjen litte."

Nei de hûnderten foto's dy't se makke, moast se in seleksje meitsje. "Dat wie wol dreech, mar ik ferdiel it wat oer it boekje, de webside en de tentoanstelling." Op de tentoanstelling binne sa'n 25 foto's yn grut formaat te sjen.

Martina Ketelaar

Foto: Martina Ketelaar

De foto's binne te sjen oant 20 septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)