Koekeloer yn de kreamkeamer fan in flearmûs mei Bats yn Byld

Live meisjen yn de kreamkeamer fan in unike flearmuzekoloanje? Dat is mooglik. Yn de nok fan de tsjerke fan Tsjerkwert sit sa'n bysûndere koloanje. Om te sjen hoe't de bistjes libje, binne der ynfra-read kamera's ophongen. It hat alles te krijen mei it projekt 'Bats yn Byld' fan de Fryske Miljeu Federaasje, Lanskipsbehear Fryslân en Mar en Klif.
© ANP Foto
Lemke Statema fan de Fryske Miljeu Federaasje leit út wat der op dit stuit op de kamera's te sjen is. "In pear wike lyn binne de jongen berne. As de sinne ûndergiet dan waskje de memmen de jongen en jouwe se iten. Dan sjochst dat se nei bûten gean om te jachtsjen. Der binne sa'n 360 bisten teld, dus dit is in hiel grutte koloanje. Dit binne saneamde 'meervleermuizen'. Wy ha yn Fryslân in soad wetter en in protte âlde gebouwen. Dêr hâlde se fan."

Allinnich wyfkes en jongen

De flearmûzen sitte al hiel lang yn de tsjerke fan Tsjerkwert. Sterker noch: by de ferbouwing is der sels rekken hâlden mei de bisten. Statema: "Dat is in fraachstik dêr't wy mei sitte: der binne in hiel soad gebouwen dy't enerzjymaatregels treffe wolle, mar net rekken hâlde mei flearmûzen." It binne allinnich wyfkes en jongen. Mantsjes sitte faak op oare plakken yn bygelyks de beammen.

Gjin oerlêst

De flearmûzen soargje net foar oerlêst. "Ast gewoanwei yn in tsjerke komst hast der hielendal gjin benul fan dat der flearmûzen binne. Dêrom wolle wy sjen litte dat al dy bistkes hjir sitte, sûnder datst der lêst fan hast." Dat is lykwols net altyd it gefal. Yn in wenhûs yn Frjentsjer sitte mear as hûndert flearmûzen dy't de tún fan de buorlju ûnderskite.
Lemke Statema fan de Fryske Miljeu Federaasje