UPDATE Auto botst op plysjeauto: file op N31 is hast wer fuort

29 jun 2020 - 13:41

Ferkear op de N31 moast moandeitemiddei rekken hâlde mei in lange file by it Richard Hageman akwadukt by Ljouwert yn de rjochting fan Harns nei Drachten. De file ûntstie nei't in auto op in plysjeauto botste. De plysjeauto stie stil op de dyk om in oare auto mei maleur te befeiligjen. Yntusken is de file hast wer fuort. Allinnich by Marsum moat ferkear noch rekken hâlde mei wat opûnthâld.

Foto: Jaring Rispens

De plysje hie in part fan de dyk ôfsletten, om't der in auto mei maleur midden op 'e dyk stie. De ôfsetting waard te let sjoen troch in oare autobestjoerder. De auto botste op de plysjeauto. De twa ynsittenden fan de gewoane auto binne troch meiwurkers fan de ambulânse kontrolearre. De plysjeaginten kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Ljouwert N31 file
(advertinsje)
(advertinsje)