Skippers brune float oan tafel by steatssekretaris: "We steane no op it netflues"

29 jun 2020 - 18:29

De feriening fan beropscharterfeart sloech twa moannen lyn alarm: de maatregels foar stipe fan it bedriuwslibben binne net genôch om foar te kommen dat skippers fallyt gean en histoaryske skippen ferdwine. Sa'n 150 histoaryske skippen fearen dêrom nei Pampus om in sinjaal ôf te jaan. De feriening prate moandei mei steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken en Klimaat.

"We wolle graach in finansjeel fangnet ha", seit skipper Eelke Dijkstra:

Ek skipper Eelke Dijkstra siet oan tafel by de steatssekretaris. "Wy ha rom twa oeren mei har oan tafel sitten. Mar it is fansels polityk, dus de fraach is wat it opsmyt. Mar wy stean as beropsgroep yn alle gefallen op it netflues by de ministearjes en de minsken dy't hjiroer gean. Dat is al in hiel grut winstpunt."

Neffens Dijkstra falt it ôf hoe min minsken witte oer de brune float. Dêrom is it goed dat dizze sektor himsels de ôfrûne wiken op de kaart set hat, fynt er. "It ynteressante oan it petear wie ek dat wy ús fraachtekens setten ha by it feit dat minsken wol binnen yn in touringcar sitte meie mei syn allen, mar net op in skip yn de bûtenloft."

Needfûns

De skippers fan de brune float pleitsje foar in needfûns. Ek dat plan is besprutsen mei de steatssekretaris. "Mar as it oer jild giet, jouwe se noait sa rap ta", wit Dijkstra. "Wy wolle graach in fangnet ha foar skippers dy't driigje om te fallen. Sa wolle wy foarkomme dat histoaryske skippen ferdwine út de havens. Mar op dat plan ha wy noch gjin tasizzings krigen. Dêrfoar sille wy fêst nochris om tafel moatte."

Eelke Dijkstra oer de besite oan Mona Keijzer

Protest brune float foar Pampus - Foto: Nynke Elzinga
(advertinsje)
(advertinsje)