Rykswettersteat: "Skippen fan 135 meter kinst aanst folle faker tsjinkomme yn Fryslân"

29 jun 2020 - 12:43

Dit wykein luts de 135 meter lange Carina Alexander fan Michel Eleveld in soad sjoggers lâns de kant. It skip wie folladen mei grint en fear fan De Lemmer nei Koatstertille. Mar dit is net it iennige megaskip dat troch Fryslân farre mei. Oan meardere fan sok soart ekstra grutte binnenfeartskippen is in ûntheffing ferliend. "Als het aan ons ligt, komen er veel meer van dit soort schepen", seit Willem Wouters, nautysk adviseur fan Rykswettersteat.

Foto: Omrop Fryslân

Yn totaal binne der sa'n 15 fan dit soart grutte skippen dy't in fergunning krigen hawwe om fan Delfzijl nei De Lemmer te farren. "We verwachten dat er nog meer ontheffingen worden verleend", fertelt Willem Wouters. "De ontheffingen die nu verleend worden, gelden tien jaar. De vaarweg wordt steeds verder verbeterd qua bruggen en doorgangen. We hopen dat over een aantal jaar het zo goed georganiseerd is dat een schip van 135 meter een standaard afmeting wordt en dat we geen speciale ontheffingen meer hoeven te verlenen."

Mear lading, minder brânstof

It grutte foardiel fan dizze langere skippen is dat se mear lading meinimme kinne. "Minder brandstof en meer lading", fertelt Wouters. "Daarmee beperken we het aantal vaarbewegingen op het water." Oer de konkurrinsje mei lytsere skippen makket Wouters him gjin soargen. "Deze langere schepen doen vaak de vaarten naar het buitenland. Kleinere schepen richten zich meer op de binnenlandse reizen."

Driuwe yn stee fan farre

Ek oer de feilichheid hoege wettersporters en boatsjeminsken harren gjin soargen te meitsjen, fersekeret Wouters. "Wie afgelopen weekend aan de wal heeft gestaan, heeft vast gezien dat de Carina Alexander heel langzaam vaart met een snelheid van zo'n 9 kilometer per uur. Het is alsof zo'n schip voorbij drijft."

Willem Wouters, nautysk adviseur fan Rykswettersteat

(advertinsje)
(advertinsje)