Stichting Alde Fryske Tsjerken siket in nije direkteur

29 jun 2020 - 11:48

De stichting Alde Fryske Tsjerken siket in nije direkteur. De hjoeddeistige direkteur Gerhard Bakker hâldt op, wêrtroch't de liedingjaande posysje frijkomt. Hy wie sûnt 2009 direkteur. Sûnt 2018 wie Gerko Last waarnimmend direkteur.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De nije direkteur moat it boechbyld wurde fan de stichting dy't as doel hat om âlde tsjerken yn Fryslân te behâlden en te herstellen. Ek wol de stichting it publyk yn 'e kunde komme litte mei it ferskaat oan tsjerken yn ús provinsje.

De stichting Alde Fryske Tsjerken is eigener fan 52 tsjerken, 7 tsjerkehôven en 2 klokkestuollen.

(advertinsje)
(advertinsje)