Nij boek fan Lida Dykstra is nominearre foar Flaamske bernesjuery

29 jun 2020 - 11:36

De jeugdroman 'Het beest met de kracht van tien paarden' fan de Fryske skriuwster Lida Dijkstra is nominearre foar de Kinder- en Jeugdjury Vlaanderen (KJV), yn de kategory fan 12- oant 14-jierrigen.

Foto: Barbara van Rijn Bluet Foto

Lida Dykstra skriuwt sûnt 1992 berneboeken yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Njonken printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers, skriuwt se foar de âldere jeugd. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Sûnt dit jier is Lida Dijkstra Berneboekeambassadeur yn Fryslân.

Grykske mytology

It boek 'Het beest met de kracht van tien paarden' (2020) is in werfertelling fan in ferhaal út de Grykske mytology oer Theseus en de Minotaurus (in minsk-bolle). It is in ferhaal oer Grykske helden en antyhelden en in leafdesskiednis dy't sterker is as it needlot.

Foto: Omrop Fryslân

De KJV is de grutste jonge lêzerssjuery fan Flaanderen, foar jeugd tusken 14 en 16 jier. Alle jierren lêze en besprekke sa'n 9.000 jonge sjueryleden de acht foar har leeftiid selektearre boeken. As se alle boeken lêzen hawwe, bringe se harren stim út.

Oant april 2021 kin stimd wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)