Omrop Fryslân yntinsivearret gearwurking mei NOS: lanlik nijs no ek by ús te finen

29 jun 2020 - 11:00

In fierdere gearwurking mei de NOS soarget derfoar dat de besikers fan de webside en de app fan Omrop Fryslân tenei ek it belangrykste lanlike en ynternasjonale nijs te sjen krije. It belangrykste Fryske nijs stiet no op de webside en de app fan de NOS.

Foto: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân wurket al tsientallen jierren gear mei de NOS, krekt as de oare regionale omroppen. Dat begûn op de radio, mar yntusken wurde op telefyzje en online ek bylden en ferhalen fan mekoar brûkt. Dy gearwurking wurdt no fierder útwreide.

Wa't it nijs fan de NOS sjen wol yn de app fan Omrop Fryslân, moat earst in update delhelje yn de appstore fan Google of Apple.

"We krije der in moai platfoarm by," seit Ingrid Spijkers, de haadredakteur fan Omrop Fryslân, "no't we de krêften fierder bondelje mei de lanlike omrop. Dit is in moaie kâns, foar beide partijen."

De NOS is ek bliid mei de gearwurking, seit direkteur Gerard Timmer. "Het publiek is hier de grote winnaar: die krijgt zo makkelijk toegang tot internationaal, landelijk én regionaal nieuws. Op een efficiënte manier kunnen we zo het bereik en daarmee de betekenis van de publieke journalistiek vergroten."

Frysk nijs by de NOS

Oant no ta wiene der ek al berjochten út de regio's te lêzen op de webside fan de NOS. Dy waarden skreaun troch redakteuren yn Hilversum. De regioberjochten dy't de NOS no publisearret, komme rjochtstreeks fan de regionale redaksjes ôf, en de lanlike berjochten dy't te lêzen binne by Omrop Fryslân wurde skreaun troch redakteuren fan de NOS.

Dat betsjut dat der tenei Nederlânsktalige berjochten te lêzen binne op de Frysktalige webside en app fan Omrop Fryslân. "Dat kin net oars," seit Spijkers, omdat de berjochten fan de NOS dield wurde mei alle regionale omroppen. "Oars wurket it net." De berjochten dy"t Omrop Fryslân oanleveret oan de NOS, binne wol yn it Nederlânsk. Dat kin, omdat de webside en de app fan Omrop Fryslân al jierren folslein twatalich binne.

Ingrid Spijkers oer de gearwurking

(advertinsje)
(advertinsje)