Soad âld-learlingen sjogge noch ien kear op basisskoalle Bloei yn Terkaple

Op basisskoalle Bloei yn Terkaple koene learlingen, âld-learlingen en âlden sneon foar it lêst ôfskie nimme fan de skoalle. Dizze wike giet it gebou offisjeel ticht. De bern gean fan dizze wike ôf nei de skoalle yn Terherne.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De skoalle woe in moai ôfskie organisearje, ek al foel dat net ta yn dizze tiden fan corona. Yn plak fan ien grutte happening koenen besikers yn lytse groepkes troch de skoalle en âlde foto's besjen.
Direkteur Tjitske van Akker fynt it spitich dat de skoalle slút. "It is spitich foar it doarp, de bern en âlden. Der sit hiel wat histoarje yn dit gebou. It docht sear, mar we seagen it ek oankommen. We ferlieze net in skoalle, mar in lokaasje."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Tal fan âld-learlingen kamen del. "It is leuk om de skoalle wer te sjen, der is in soad feroare. It bringt ús as groep acht wer by elkoar. Spitich dat it der aanst net mear is."
Juf Tetsje stiet hast 40 jier op de skoalle. "It is bysûnder om âld-learlingen wer te sjen, om oantinkens op te heljen en te freegjen hoe't it no mei har is."
Ferslachjouwer Jantine Stoffers wie op de skoalle
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers