Grut ûnderhâld oan tropyske kas yn Beetstersweach

29 jun 2020 - 10:29

No't der troch de coronakrisis gjin besikers komme kinne by de Tropyske Kas yn Beetstersweach, is der úteinset mei grut ûnderhâld. De histoaryske kas wie wol ta oan in facelift.

Projektlieder Joghum Knol leit út wêrom't de facelift nedich is. "In de tropische kas is de temperatuur tussen de 27 tot 30 graden met een heel hoge luchtvochtigheid, waardoor de kas erg geschikt is voor tropische bloemen en planten. De huidige kas bestaat uit hout en glas. Kortom: een bron om te verrotten. Vandaar dat we nu kiezen voor duurzaam staal met glas om de tropische kas voor de toekomst te verduurzamen."

Plannemakkerij

Sa'n 65 frijwilligers soargje alle dagen foar de blommen en planten en traktearje de besikers op kofje en tee. Om harren by de ferbou te belûken, waarden alle frijwilligers útnûge om mei te tinken oer de nijbouplannen.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Dat duorre efkes, leit Knol út. "We moesten eerst een verantwoord plan hebben, waarvoor we een architect hebben ingeschakeld. Iets veranderen kost tijd, vandaar dat we onze trouwe leden hebben meegenomen in de plannenmakerij. En toen moesten we op zoek naar geld om dit plan mogelijk te maken."

Gelok by in ûngelok

No't de finansiering rûn is, kin de ferbou los. "Volgende week begint de aannemer. We hebben zelf het sloopwerk al gedaan. Nu er door het coronavirus minder mensen op bezoek komen, kunnen we flinke stappen maken. Het coronavirus is voor ons een geluk bij een ongeluk, dat we nu de tijd en ruimte hebben om de verbouw uit te voeren."

Projektlieder Joghum Knol

Ien fan de frijwilligers dy't hast alle dagen yn de tropyske kas te finen is, is Koen Rijntjes. Hy hat de hannen al flink út de mouwen stutsen om te helpen mei de sloopwurksumheden.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Iuwenâlde bougainvillea

Der binne 5 kassen, ien dêrfan is de tropyske kas. Dy hat gjin dak op it stuit, dêr binne se mei dwaande. "It dak lekte oan alle kanten", seit frijwilliger Sjoukje Hemminga. Har heit hat der ek 50 jier wurke. "Ien fan de planten hjir is de paradijsvogelbloem. In oare moaie fyn ik de bougainvillea. Dy is al hiel âld, út de foarige iuw is dy as stekje meinaam by de Middellânske See wei." De planten binne woartele en kinne net ferpleatst wurde

Koen Rijntjes mei der graach wêze. "Het is als werken in een soort paradijs met alle grote bomen om ons heen, in het parklandschap van de adel die destijds eigenaar was." Hy hat seis jier yn Afrika wurke yn de ekologyske lânbou, en fielt him wol thús yn de waarmte fan de kas.

Oer trije wiken moat it dak der wer op sitte. Begjin augustus hoopje se wer besikers ûntfange te kinnen.

Frijwilligers Sjoukje Hemminga en Koen Rijntjes

(advertinsje)
(advertinsje)