Demonstraasjes spilen mei by beslút PCBO Ljouwert om Swarte Pyt ôf te skaffen

29 jun 2020 - 19:07

PCBO Ljouwert docht Swarte Pyt yn de ban. Yn de nijsbrief fan de skoalkoepel stiet te lêzen dat Swarte Pyt gjin takomst mear hat op alle 16 PCBO-skoallen yn Ljouwert en omkriten. Dit jier sille der allinnich saneamde 'roetveegpieten en regenboogpieten' by de Sinteklaasfeesten op PCBO-skoallen te sjen wêze.

Yn de nijsbrief stiet dat Swarte Pyt gjin takomst mear hat yn de PCBO-skoallen. Dat is fan no ôf it offisjele PCBO-stânpunt: allinnich noch mar 'roetveeg- of regenboogpieten'.

Hans Greidanus is direkteur-bestjoerder fan de skoalkoepel en leit út wêrom't dizze kar makke is. "Omdat we in een fase zitten waarin veel gebeurt met de recente demonstraties. We willen recht doen aan mensen en het gevoel van mensen daarin. We zijn er al langer mee bezig en hebben gepraat met ouders, mensen in de wijk en het dorp. Eerder waren we volgend, keken we naar wat de NPO deed met het Sinterklaasjournaal en de intocht in Leeuwarden, nu hebben we, met de recente discussie erbij, zelf het besluit genomen."

Bliid mei dúdlikheid

Dizze wike giet der in nijsbrief de doar út mei it beslút en de achtergrûn dêrfan. "We hebben het besluit genomen in het belang van de kinderen en willen zo de discussie niet in de school brengen, maar dat de kinderen hun kinderfeest kunnen vieren. Door dit besluit aan de voorkant te nemen, is het duidelijk. Iedereen is blij met de duidelijkheid. We kijken wat past bij onze identiteit, we willen recht doen aan mensen, dat mensen mensen kunnen zijn op een gelijkwaardige manier. We praten met de kinderen over respect en gelijkheid, daar staan we voor."

Hans Greidanus

It giet om de skoallen: Dr. Algraschool, Albertine Agnesschool, De Arke, Prins Constantijn, De Finne, Ds. Hasperschool, Johan Willem Friso, Kinderkoepel, Klaverblad, Nijdjip, Máximaschool, Prins Maurits, De Sprankel, Willem-Alexanderschool, Koningin Wilhelminaschool (Fontein en Transvaal).

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber
(advertinsje)
(advertinsje)