Man út Appelskea omkaam by motorûngelok

29 jun 2020 - 09:38

In 34-jierrige motorrider út Appelskea is sneintejûn om it libben kaam nei't er mei de motor tsjin in beam riden wie. It ûngelok barde op De Streek tusken Hooghalen en Smilde.

Foto: De Vries Media

Ferskate helptsjinsten kamen manmachtich op it ûngelok ôf, mar de man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it iensidige ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)