Rimmer Mulder: "Minsken moatte sels wat dwaan om it Frysk in takomst te jaan"

Der komt takom jier in brede maatskiplijke diskusje oer it brûken fan it Frysk. De diskusje soe eins dit jier al úteinsette mar troch de cornonakrisis is dit foarearst útsteld. Doel is dat der begjin takom jier earst in proefjûn organisearre wurdt mei jongerein oant tritich jier. As de proef oanslacht dan sille der mear diskusjejûnen op priemmen set wurde.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Rimmer Mulder is foarsitter fan de organisaasje Brede Maatskiplike Diskusje Frysk. Hy leit út wêrom't sa'n diskusje nedich is. "Oant no ta wurdt der foaral yn beheinde romten diskusearre oer it Frysk. Wy wolle graach dat mear minsken harren bewust binne fan hoe't it Frysk der foar stiet en mei ús meitinke oer wat wy mei de Fryske taal wolle yn de takomst. De opjefte dêr't wy foar stean, is om hjir mear minsken by te belûken en bewust minsken op te sykjen dy't hjir ynteresse yn hawwe. Sa hoopje wy de diskusje op gang te bringen. It doel is bewustwurding."
De provinsje docht aktyf oan taalbelied, mar dochst stiet it Frysk der net better foar as tweintich, tritich jier lyn, konkludearret Mulder. "Wolle wy ús taal echt hâlde, dan sil der wat barre moatte. De taalhâlding fan minsken sels is bepalend foar de takomst fan ús taal."

Heiten en memmen belûke

It doel is ek om heiten en memmen te belûken by de diskusjes. "In soad minsken sizze dat it ûnderwiis in wichtige rol hat yn de takomst fan it Frysk, mar dan moatte wy earst soargje foar mear draachflak by âlden oer it belang fan it Frysk yn it ûnderwiis", leit Mulder út. "De taalhâlding fan jonge heiten en memmen is hiel bepalend foar wat er mei it Frysk bart."

Yn petear

Hoe't de brede diskusje der krekt útsjen sil, kin Mulder noch net sizze. "Doel is yn elk gefal dat minsken ûnderling mei inoar prate kinne oer it Frysk. Minsken moatte der sels oer prate en elkoar der oer befreegje kinne. It moat gean oer it Frysk en wat minsken dêr sels fan fine en foar dwaan wolle."
Rimmer Mulder oer de brede diskusje