Kollum: "All lives matter"

29 jun 2020 - 08:28

"Soe 't hjir net in bytsje tafalle, tocht ik doe't ik lies dat yn Amsterdam de earste Black Live Matter-demonstraasje hâlden wurde soe. Dat is hjir dochs net nedich, tocht ik doe't ik lies dat der ek in demonstraasje yn Ljouwert komme soe. Mar yntusken wit ik better. Diskriminaasje is tichterby as datst tinkst.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ik spruts ôfrûne wike mei in man dy't - ast ferrekte goed sjochst - in bytsje brún is. 'Yn de simmer wol wat bruner hear', lake er. 'Ja wa net', antwurde ik. Dêr wie er it mei iens. Elkenien besiket yn de simmer krampachtich moai brún te wurden. Mar ast it hiele jier troch lekker brún bist en dêr gjin inkele muoite foar hoechst te dwaan, dan is it in reden om diskrimineard te wurden. Nuver eins, ast der oer neitinkst.

Werom nei de man dy't ik oan de telefoan hie. Hy hat in mediterraansk uterlik, sa omskreau er it sels. En syn brune kleurke is geregeld oanlieding foar kwetsende opmerkings. Echt, frege ik, wylst ik syn foto nochris better bestudearre. Hy fertelde dat er koartlyn noch út in winkel set wie, om't de eigeneresse 'syn type minsken' net yn har saak ha woe. 'Syn type minsken' is dus in oare term foar minsken mei in kleurke.

En dêr bleau it net by, fertelde er. Hast alle moannen krige er wol in rasistyske opmerking nei de holle slingere, holden minsken harren taske krampachtich beet as er foarby rûn of grypten spontaan nei de telefoan yn de kontbûse as er achter harren stie. Hy wie der yntusken al wol in bytsje oan wend, fertelde er. Mar dêrom die it net minder sear, joech er ta.

Ik fielde my as krûpte ik ûnder in dikke stien wei. Kenlik wie ik sa nayf om te tinken dat rasisme yn Nederlân net mear foarkomt. Yn myn libben nét yn elk gefal, dus hie ik foar it gemak mar oannaam dat dit foar alle minsken jildt. No bin ik sels sa wyt as kryt, trochskinend sels yn de winter. Myn namme is Hollânsk, ik ha blûn hier en moat sels myn bêst dwaan om yn de simmer wat brún te kleurjen. Mei oare wurden: der is neat om my mei te diskriminearen.

Mar dat is net alhiel wier. It feit dat ik op froulju fal, is fansels wól reden dat minsken my diskriminearje kinne. Oant no ta falt dat gelokkich ta. Yn stee fan in lullige opmerking krij ik meastentiids ekskuzes as minsken ûntdekke dat ik in freondinne ha. 'Sorry, sorry, dat wist ik echt net', stammelje se dan. Ik moat der altyd wol om laitsje.

Dit fertelde ik oan de man oan de telefoan. Ek hy wie it mei my iens dat Nederlân bêst tolerant is. 'We ha hjir gjin megaprobleem', sei er. 'Mar dat betsjut net dat wy ús eagen slute meie foar it feit dat rasisme hjir wol is.' Hy fergelike it mei in gefaarlik krúspunt, dêr't in pear kear yn it jier in slim ûngelok bart. Dan sizze we ek net: ach, it giet mar in pear kear yn it jier mis. Dat is foar gemeenten in reden om sa'n krúspunt oan te pakken en feiliger te meitsjen.

'Sa is it mei rasisme ek', fûn er. 'Ek dat moatte wy oanpakke, sadat elkenien him feiliger fielt.' En gelyk hat er. Net black lives matter, mar all lives matter."

(advertinsje)
(advertinsje)