Sense of Place kriget finansjele ynjeksje fan de Rabobank

29 jun 2020 - 07:25

It kulturele projekt Sense of Place kriget in finansjele ynjeksje fan de Rabobank. Moandei wurdt op it boerebedriuw fan de famylje Vogels yn Furdgum in partneroerienkomst tekene tusken de Fryske Rabobank en Sense of Place. Sense of Place is in inisjatyf fan Joop Mulder en wol mei kulturele lânskipsprojekten de wearde fan it Waadgebiet sichtber meitsje.

Sense of Place

De Fryske Rabobank hat tasein om Sense of Place trije jier lang finansjeel te stypjen. "Fantastisch nieuws", fynt Joop Mulder. "De Rabobank wil ons ondersteunen, zodat we routes kunnen maken waarmee mensen op de fiets Friesland kunnen leren kennen." As foarbyld neamt Mulder de ferskate gemalen dy't ús provinsje telt. "Daar willen we een mooie route met een verhaal voor ontwikkelen om mensen te laten zien hoe belangrijk die gemalen zijn."

Unwisse tiden

Mulder is tige wiis mei de finansjele stipe, seker yn dizze ûnwisse tiden. "Het is voor iedereen ontzettend moeilijk in de cultuursector. Gelukkig ondersteunt de Rabobank de economie in onze provincie. Die combinatie van cultuur en economie is ontzettend belangrijk voor het noorden. We werken volop samen met alle dorpen waar de routes langsgaan, zodat die hier financieel van profiteren. Sense of Place is heel goed voor het cultuurtoerisme in de toekomst."

Sense of Place - Foto: Maaike van der Hoek, Omrop Fryslân

Oer hokker bedrach it krekt giet, wol Mulder gjin útspraken dwaan. "Het gaat om een substantieel bedrag om nieuwe dingen te ontwikkelen", seit er. "Ik heb beloofd om niet te veel met cijfers te gaan gooien. "Maar we kunnen hier behoorlijk mee uit de voeten om te zorgen dat het noorden een flinke impuls krijgt."

Mear sjen

De presintaasje fan de partneroerienkomst is moandei yn Furdgum. "Hier begint de route over aardappelen", leit Mulder út. "Je fietst langs de aardappelboeren en ontdekt het belang van aardappelen. Dat is precies het doel van Sense of Place: mensen laten ontdekken dat er meer is in het landschap dan je eigenlijk ziet. Dat kunnen we nu verder ontwikkelen met steun van de Rabobank."

Inisjatyfnimmer Joop Mulder

(Advertinsje)
(Advertinsje)