Goed briedseizoen foar ringslangen yn de Houtwiel by Feanwâlden

Foar it earst yn de skiednis hat natuerbehearder Steatsboskbehear aaien fûn fan ringslangen yn saneamde 'broeibulten' yn natuergebiet de Houtwiel by Feanwâlden. Dy bulten binne tsien jier lyn oanlein. De slang is absolút net gefaarlik foar minsken en is ek net giftich.
Goed briedseizoen foar ringslangen yn de Houtwiel
Ringslangen fine je folle mear yn it súdeasten fan de provinsje, mar wiene earder ek wol yn it noarden fan de provinsje te finen. Wat der no noch sit, is net in soad. Dêrom is Steatsboskbehear ek bliid dat de soart him no fuortplantet. Omdat de hopen materiaal dêr't sy yn briede folle minder foarhannen binne, wurde der oeral yn de provinsje saneamde 'broeibulten' oanlein. Dêr sitte ûnder oare houtsnippers yn, mar ek hynstestront.
Ringslangen yn de Houtwiel © Staatsbosbeheer
"Dit is in soarte dy't eins ôfhinklik is fan in oergongsgebiet", seit boskwachter Gjerryt Hoekstra fan Steatsboskbehear. "Wy steane hjir yn De Houtwiel en dat is eins in gebiet dat tusken de hege sângrûnen fan Feanwâlden en de lege klaai en de kwelders leit. Dizze slang jaget yn it wetter, mar hat drûge plakken nedich dêr't er syn aaien kwyt kin. Fandêr dat de ringslang him hjir wol thús fielt."

Oprop

Om in better idee te krijen fan de fersprieding ropt Steatsboskbehear yn Twizel minsken yn it gebiet op om waarnimmings troch te jaan.