Aksjefierders lizze bananen del by Ljouwerter rjochtbank

By de rjochtbank yn Ljouwert binne snein bananen dellein nei in oprop fan aksjefierders fan de groep Viruswaanzin. Dy groep is it der net mei iens dat harren demonstraasje, dy't snein plakhawwe soe op it Malieveld yn Den Haag, troch de rjochter ferbean waard.
Bananen by de rjochtbank yn Ljouwert © ProNews
Ut protest tsjin it ferbod rôp Viruswaanzin op om by ferskate rjochtbanken yn Nederlân bananen del te lizzen. Neffens de aksjegroep is Nederlân ferwurde ta in bananerepublyk.