Skip 'De Wylde Swan' fart wer út: "Bestemming nog onbekend"

28 jun 2020 - 16:27

Skip 'De Wylde Swan' is sûnt sneontejûn wer op see. Oan board binne middelbere skoalbern dy't eins yn april en maaie al oan board soenen, mar dat koe doe net trochgean fanwegen it coronafirus. De Wylde Swan moast yn april mei 25 oare learlingen halje-trawalje weromkomme nei Harns, om't se fanwegen it firus yn gjin inkeld lân mear oanlizze koene.

de Wylde Swan - Foto: onbekend

De learlingen krije foar de doer fan seis wiken op see ûnderwiis. Wêr't de reis hinne giet is lykwols noch net bekend. "De Europese coronaregels veranderen voortdurend. Het ene land accepteert weken lang op zee niet als quarantainetijd en het andere land weer wel. Op bijvoorbeeld de Azoren wil men dat iedereen eerst getest wordt. En IJsland stuurt al weken berichten waarin ze De Wylde Swan uitnodigen om te komen zonder enige maatregelen", seit Christophe Meijer fan De Wylde Swan.

"Maar op zee zijn we veilig dus dát is onze eerste bestemming. Het wordt spannende en leerzame ontdekkingsreis langs Europese kusten en eilanden", sa seit Meijer. De Wylde Swan wurdt op 8 augustus wer werom ferwachte yn de haven fan Harns.

(advertinsje)
(advertinsje)