Problemen by earste live-ekskurzje fan It Fryske Gea

28 jun 2020 - 15:06

De earste live-ekskurzje fan It Fryske Gea hat sneintemiddei net goed te berikken west fanwegen in technysk probleem. De ekskurzje soe om 14.00 oere úteinsette, mar minsken dy't foar de stream sieten krigen gjin byld.

In stek fan It Fryske Gea by natuergebiet it Easterskar - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De ekskurzje mei Henk de Vries soe troch it Easterskar by Rotstergaast en Rotsterhaule gean en soe likernôch 45 minuten duorje. Hoefolle minsken oft der om 14.00 oere besocht ha de stream te berikken, is net bekend.

Yntusken is de ekskurzje wol yntegraal werom te sjen op it YouTube-kanaal fan It Fryske Gea.

Trefwurden: 
it Fryske Gea livestream
(advertinsje)
(advertinsje)