Doeksen lit sneltsjinst Harns-Flylân moandei ferfalle fanwege hurde wyn

28 jun 2020 - 12:09

De sneltsjiinst tusken Harns en Flylân ferfalt moandei yn ferbân mei de ferwachte hurde wyn. Rederij Doeksen hat dat bekend makke. It giet om de ôffearten fan 13.20 en 18.20 oere fan Harns ôf en dy fan 12.05 en 17.05 oere fan Flylân ôf. De gewoane feartsjinst fart wol neffens de tsjinstregeling.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Waarman Piet Paulusme ferwachtet moandei it Waadgebiet in krêftige oant hurde wyn mei wynstjitten yn krêft 8.

(advertinsje)
(advertinsje)