Ek snein wer ferskate stroomsteuringen

28 jun 2020 - 15:49

Ek snein hat de provinsje noch te krijen hân mei ferskate stroomsteuringen. Om 22.00 oere hinne wiene der noch hieltyd steuringen yn Lytsewâld, Boerum, Kollum, Kollumerpomp, Ie en Ingwierrum.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Earder op de dei wie it ek yn Minnertsgea, Sint-Jabik, Drachten, Olterterp, Oerterp, Makkum, Grou, Aldegea, Easthim, Folsgeare, Aldwâld, Eastermar, Jistrum, Foudgum, Hantum, De Lytse Jouwer, Ternaard, Boarnwert, Dokkum, Appelskea, Ravenswâld en Abbegea al it gefal. Liander hat witte litten dat it grutte tal steuringen yn Fryslân te krijen hat mei it waarme waar.

Túnsintrum

Under oaren túnsintrum Tuindorado yn Drachten waard koart foar slutingstiid troffen troch de stroomsteuring. Der wiene op dat stuit noch tsientallen klanten yn de winkel, mar dy moasten de winkel ferlitte en harren karren mei guod efterlitte. It kassasysteem fan de winkel wie útfallen. Ek soene de klanten nei inkelde minuten net mear út de winkel kinne, omdat de back-up fan de elektryske doarren mar beheinde tiid wurkjen bliuwt.

Lês yn dit artikel hoe't it no krekt kin dat op sa'n soad plakken yn Fryslân de stroom útfalt:

Trefwurden: 
stroomsteuring Liander
(advertinsje)
(advertinsje)