Miste man (32) yn Grou wer oantroffen

28 jun 2020 - 12:16

De plysje socht snein op en om it wetter by Grou hinne nei in 32-jierrige man. De man wie om 4.30 oere hinne noch yn it sintrum fan Grou sjoen. Hy ferbleau op in rekreaasjepark oan de Yn 'e Lijte, mar dêr wie er net mear oankaam. Letter die bliken dat de man earne yn Grou yn 'e sliep fallen wie. De man is yn goeie sûnens weromfûn.

Foto: Google Street View

Om't bekenden sûnt syn fuortgean neat mear heard hiene, sloegen sy alarm. De plysje hie dêrom al in grutte sykaksje opset.

Trefwurden: 
Grou fermist Yn 'e Lijte
(advertinsje)
(advertinsje)