UPDATE: minsklike bonken fûn ûnder in oprit yn Ferwert

By grûnwurksumheden binne sneontemiddei yn Ferwert oan de Foswerterstrjitte bonken fûn ûnder in oprit fan in wente. It giet om minsklike bonkerêsten dy't net al te djip ûnder de grûn leine en dy't by pland wurk oan it rioel fûn binne. It docht bliken dat de bonken út it begjin fan de 20ste iuw komme, of mooglik dêrfoar. Dêrmei is it net in saak foar de plysje mear. Archeologen sille no fierder mei it ûndersyk.
UPDATE: minsklike bonken fûn ûnder in oprit yn Ferwert
Der wiene al gjin oanwizingen dat de oprit der de ôfrûne jierren út west hie. De plysje hat oanjûn yn goed kontakt te stean mei de bewenners fan it hûs.
Snein is der in meiwurker fan it Nederlands Forensisch Instituut (NFI) by om te helpen mei it ûndersyk. Dêr hat ek út bliken dien hoe âld de bonken binne.