FIDEO: Foar de lêste kear in tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

Foar de lêste kear stjoert Omrop Fryslân live in tsjerketsjinst út. De tsjinst komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei en begjint om 10.00 oere. Foargonger is ds. Sytze Ypma en de oargelist is Jochem Schuurman. Yn de tsjinst sil ek de doop betsjinne wurde oan Merle Herkert-Zijlstra. Fierdere muzikale meiwurking oan dizze tsjerketsjinst komt fan sopraan Christy Luth.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjerketsjinst. De tsjinst is ek te sjen op Omrop Fryslân telefyzje en wurdt om 12.00 oere werhelle. Nei ôfrin is de útstjoering ek werom te sjen fia Utstjoering Mist.

Lêste tsjinst

Sûnt 15 maart wie der alle wiken in tsjerketsjinst te sjen om't tsjerken ticht wiene fanwegen it coronafirus. No't de tsjerken wer folslein iepen meie, mei de nedige maatregels, hawwe Omrop Fryslân en de protestantske gemeente fan Frjentsjer besletten om op te hâlden mei it útstjoeren fan de tsjinsten.