Jonge bestjoerster oanholden nei't sy mei kokaïne op nei Ljouwert slingere

28 jun 2020 - 09:10

In 18-jierrige bestjoerster út de gemeente Noardeast-Fryslân is sneontejûn oanholden troch de plysje yn Ljouwert. Op de Grinzerstrjitwei wie sy flink oan it slingerjen. De plysje koe de jonge bestjoerster oan de Zuiderkruisweg steande hâlde. Dêr die bliken dat de frou ûnder ynfloed fan kokaïne en amfetamine wie.

Foto: Shutterstock.com (ambrozinio)

Dat de bestjoerster ûnder ynfloed wie, die bliken út in flybtest. Nei't de fertochte oanholden wie, is sy troch in dokter fan de GGD noch bloed ôfnommen. De bestjoerster is oanholden en hat in rydferbod doar 24 oeren krigen.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert auto kokaïne
(advertinsje)
(advertinsje)