Pontsje by Boarnsweach fart wer nei defekt

De fytspont Woudfennen tusken Boarnsweach en it fytspaad by de Put van Nederhorst del fart wer. Op 18 juny gie de motor stikken. Sûnt dy tiid wie it pontsje út de feart. Yntusken is de motor reparearre en freed is de pont wiidweidich test, dat jout gemeente De Fryske Marren oan.
It pontsje oer de Skarster Rien fan De Jouwer nei Boarnsweach © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De pont fart oer de Skarster Rien en ferbynt it doarpsgebiet fan De Jouwer mei Boarnsweach. Ek foar de fakânsjewenten op it rekreaasjepark yn Boarnsweach is it in wichtige oerstek.