Kontener yn 'e brân njonken wente oan de Morra yn Drachten

28 jun 2020 - 07:12

De brânwacht en plysje binne yn de nacht fan sneon op snein útriden foar in brân yn Drachten. Tsjin in wente oan de Morra stie in kontener mei gers yn 'e brân. Doe't de plysje nei 3.00 oere op it plak kaam, wie de kontener al folslein ferraand. Plysje en brânwacht hawwe derfoar soarge dat it fjoer út rekke.

Foto: De Vries Media

De helptsjinsten wiene fluch nei de bûtenbrân ta riden, om't de brân tsjin in wente oan wie. De brân hat lykwols net in soad skea feroarsake. Oft it om brânstichting giet, hat de plysje net bekendmakke.

Trefwurden: 
Drachten brân Morra
(advertinsje)
(advertinsje)