Plysje makket fiif kear proses-ferbaal op yn grêften fan Dokkum

27 jun 2020 - 21:17

De plysje fan Noardeast-Fryslân hat sneon yn de grêften fan Dokkum fiif kear in proses-ferbaal opmakke. Der waard ekstra kontrolearre om't der troch omwenners en wettersporters in soad oerlêst ûnderfûn wurdt fan flugge boatsjes.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De plysje skreau twa kear in proses-ferbaal foar it farren sûnder farbewiis mei in flugge motorboat en trije kear foar it farren mei in te flugge boat troch in persoan jonger as sechstjin jier. De oertrêders hiene noch mear saken net op oarder, mar dêrfoar krigen se allinnich in warskôging.

De plysje sil de kommende tiid faker opfallend en ûnopfallend tafersjoch hâlde yn Dokkum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)