Helptsjinsten manmachtich te plak foar yn de problemen rekke surfer by Lytse Griens

27 jun 2020 - 20:59

De helptsjinsten binne sneontejûn manmachtich ynset nei't in surfer yn de problemen rekke wie by it eilân Lytse Griens by Goaiïngaryp. Nei inkelde sykslaggen waard lykwols dúdlik dat de surfer alwer selsstannich op syn board klommen wie.

Foto: De Vries Media

De brânwacht fan Langwar, Grou en Akkrum kamen te plak. Ek waarden der twa ambulânsen en in plysjeboat ynset. De brânwacht sette tegearre mei de plysje in sykaksje op op de lokaasje wêr't de surfer yn de problemen rekke.

Doe't bekend waard dat de surfer al wer op syn board wie, koene alle helptsjinsten wer ynpakke.

(advertinsje)
(advertinsje)