Harmen Akerboom hat fytstocht fan 1.000 kilometer foar KiKa hast folbrocht

In meunstertocht fan 1000 kilometer troch Nederlân fytse om omtinken te freegjen foar stichting KiKa. Dêr is Harmen Akerboom út Aldegea yn Súdwest-Fryslân op dit stuit mei dwaande. En it sjit al moai op, want krekt foar fiif oere op sneontemiddei hie hy noch mar 96 kilometer te gean. "We binne der hast, we rûke de stal", seit Akerboom.
© Harmen Akerboom
Yn 2004 ferlear hy syn dochter oan de sykte en sûnt dy tiid set hy him bot yn foar Stichting KiKa, de organisaasje dy't striid tsjin kanker by bern.
Om healwei fiven freedtemoarn is Akerboom mei in groep oaren begûn oan dizze Giro di KIKA yn Breda. De groep stapt yn totaal mar fiif kear ôf, wêrûnder yn Aldegea, it wenplak fan Akerboom.

Waarm

It giet oant no ta wikseljend, seit Akerboom. "Juster wie in moaie dei, mar it wie fansels oergryslik waarm. Ik moat sizze dat de earste 500 kilometer wol aardich giene. Mar yn de rin fan de nacht fernaam ik wol it slieptekoart, je wurde hiel wurch. It lêste oere foar de tredde stop begûn it der wol yn te hakken."
Troch efkes te sliepen kaam hy der wol wer boppe op. "Mei in sterke bak kofje bin ik wer op de fyts stapt. Mar yn de rin fan sneontemoarn fernimme je gewoan dat de oeren begjinne te tellen. Dan wurdst wol hiel wurch."

Falpartij

De hurdfytser sil de tocht net sûnder kleanskuorren folbringe. "We ride op navigaasje en der waard ynienen sein 'links'. Der waard foar my remme. Ik wie de lêste en begûn te slippen en koe de fyts net mear hâlde", seit Akerboom, dy't dus foel. Hy hold der allinnich skaafwûnen oan oer.
Hy sjocht de lêste kilometers lykwols posityf temjitte. "It komt no goed, dêr bin ik no wol fan oertsjûge", sa seit Akerboom.
Harmen Akerboom oer syn tocht
Hoefolle jild oft Harmen Akerboom ophelle hat foar Stichting KiKa is noch net bekend. Donearje is noch mooglik fia syn persoanlike Giro di Kika-pagina.