Hearrenfeansupporters sûnder seizoenskaart net wolkom yn stadion

27 jun 2020 - 17:21

Sportklup Hearrenfean ûndersiket hoefolle publyk oft der yn it Abe Lenstra stadion kin, as elkenien him hâlde moat oan de coronamaatregels. No al is dúdlik dat allinne supporters mei in seizoenskaart komme meie. Losse kaarten wurde net ferkocht. Dat meldt de klup.

Foto: www.orange-pictures.nl

Salang't de coronafoarskriften jilde, komme allinne seizoenskaarthâlders en sponsoaren yn oanmerking om de wedstriden by te wenjen. As Hearrenfean supporters selektearje moat, omdat net elkenien it stadion yn kin, hat elkenien likense kânsen om der by te wêzen.

"Het is oneerlijk supporters voorrang te geven en daarmee anderen te benadelen", stelt de klup. "Dit geldt voor zowel de particuliere als de zakelijke seizoenkaarthouders."

Tûzenen seizoenskaarten

De seizoenskaarteferkeap rint noch hieltyd. Oant no ta hat de klup goed seistûzen seizoenskaarten ferkocht. Foarich jier wiene dat der yn totaal mear as tsientûzen. De earedifyzje begjint wer yn it wykein fan 12 septimber.

SC Hearrenfean is dwaande mei it opstellen fan in protokol, om it mooglik te meitsjen dat der publyk by de wedstriden komme kin. De klup hopet dat protokol meikoarten te presintearjen.

"Er is ruimte zat"

Earder waard dúdlik dat it fan septimber ôf mooglik wêze moat om betellefuotbalwedstriden te organisearjen mei publyk. Fuotbalbûn KNVB hat in plan makke dêr't it mooglik mei wurdt om inkelde tûzenen minsken ta te litten yn in stadion. SC Hearrenfean-direkteur Cees Roozemond is dêr posityf oer.

"Er is ruimte zat", sei Roozemond earder. "Waar je goed naar moet kijken, is hoe je dat doet met de aan- en afvoer van toeschouwers. En moeten ze bijvoorbeeld ook een mondkapje op?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)