FIDEO: Fryske boat krijt twadde libben op skoalle yn Grinslân

27 jun 2020 - 15:33

In skoalle yn Grinslân hat in boat kado krigen, dy't brûkt waard foar technyklessen op De Friese Poort yn Ljouwert. Dêr wie de boat oerstallich wurden. "Ze vroegen of wij hem wilden hebben. Nou, daar hoefden we geen seconde over na te denken", seit dosint Theo Arends. "Het is een mooie toevoeging aan ons lesmateriaal. Een boot hadden we nog niet."

RTV Noord makke in koarte reportaazje oer de boat.

ROC Friese Poort wurket al langer mei boaten yn de technyklessen, omdat der yn Fryslân in protte fearn wurdt. Foar skoalmienskip De Borgen yn Leek is it nij, meldt RTV Noord. "We zijn steeds op zoek naar nieuwe manieren om de technieklessen te vernieuwen en uit te breiden", seit Arends. "Dit past daar prima bij."

Trefwurden: 
technyk skoalle Friese Poort
(Advertinsje)
(Advertinsje)