Net ien of twa, mar mear as hûndert flearmûzen yn wenhûs yn Frjentsjer

27 jun 2020 - 15:56

Yn in hûs yn Frentsjer sitte flearmûzen. En net ien of twa, mar wol mear as hûndert. De bewenners hawwe gjin oerlêst fan de flearmûzen, mar de buorlju wol.

Foto: Omrop Fryslân

De flearmûzen binne in beskerme soarte yn Europa. It is dêrom dreech om de bistjes fuort te heljen. De bewenners en de buorlju wolle de bistjes dêrom sitte litte, mar dat soarget wol foar oerlêst. Bewenner Hendrik van den Akker fertelt dat de flearmûzen der al mear as tsien jier sitte. "Sy sitte om it hiele gebou hinne, oan trije kanten."

Van den Akker hat sels net in protte lêst fan de bistjes, mar de buorlju wol. De flearmûzen skite yn de tún fan de buorlju. ''Sy skite op de tegels en op it boatsje dat dêr leit, dus de buorlju binne der net sa wiis mei'', seit Van den Akker. Dochs wolle sy beide wol dat de flearmûzen sitte bliuwe.

Oplossingen

Foppe van der Meer fan lânskipsbehear Fryslân helpt de famylje Van den Akker om mei de bistjes om te gean. Neffens Van der Meer is it bysûnder dat de flearmûzen mei safolle yn in wenhûs sitte.

Om it foar de bewenners noflik te meitsjen om mei de bisten te libjen helpt hy mei it finen fan oplossingen foar de oerlêst. ''Wy ha no in wat sêfte oplossing keazen om it klimaat yn de spouwen net te fersteuren. Der sit no gaas ûnder it dak, mar der moat noch in lyts gatsje ûnder. Dan is tink ik it grutste probleem oplost.''

Ferslachjouwer Jantine Stoffers yn Frjentsjer

Trefwurden: 
Frjentsjer flearmûzen
(advertinsje)
(advertinsje)