Skûtsjeskipper teloarsteld yn SKS: "Dit is myn libben en dat nimme se my ôf"

27 jun 2020 - 17:22

Direkt neidat dúdlik wurdt dat it kampioenskip fan de SKS dit jier net troch giet, oerhearsket de teloarstelling by skipper Gerhard Pietersma fan it Earnewâldster skûtsje. "Ik ha it smoar yn."

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Skipper Gerhard Pietersma hat it smoar yn: "It is krekt as nimme se wat fan dy ôf"

Nei oanlieding fan de ferrommingen fan de coronamaatregels dy't it kabinet earder dizze wike oankundige, hat de SKS ûndersocht oft in kampioenskip dochs noch mooglik wie. De konklúzje wie dúdlik: it kin net.

"It skûtsje leit der klear foar"

"Ik wol graach witte wat de trochslach jûn hat", seit Pietersma. "Op it skûtsje mei alles, en as op de wâl elk by syn eigen bliuwt, mei it ek." De silerij is hiel belangryk foar Pietersma. "Dit is myn libben, en dat nimme se fan my ôf. Dat fyn ik wol spitich."

Pietersma wol dit jier hoe dan ek it wetter op. "We sille sowieso sile. Ik wol dat it wer itselde rint as foarich jier. Dan wit ik dat we foarút kinne. It skûtsje leit der klear foar."

"In wedstriid sûnder festiviteiten is ek net alles"

It silen hie wol kind, seit Jan Feike Hoekstra. Hy is fan de wedstriidkommisje yn Grou. "It giet net allinne om it silen", seit er. "In wedstriid sûnder festiviteiten is ek net alles, seker yn in jubileumjier."

"It is hiel ûnwerklik no, we ha noch net ien skûtsje op it wetter sjoen. Se lizze allegearre oan de wal." Dat is hiel bysûnder, seit Hoekstra. "Ik bin berne yn 1959, en doe siet ús heit ek al yn de kommisje. Ien kear ha we net syld, doe waaide it te hurd. Dat wie yn de jierren '60."

Hoekstra woe graach sile, mar hy begrypt ek dat de SKS seit dat it net kin. "Der binne genôch dy't graach traine wolle. Nije skippers hiene der direkt foar moatten, en dat hie wol hiel spannend wurden"

"Better foar elkenien"

Ien fan dy nije skippers is Klaas van der Meulen. Hy soe dit jier syn debút meitsje oan it helmhout fan Wâldsein. Hy is der bliid mei dat der no dúdlikheid is. "Dat is better foar elkenien. Dit is in ferstannige kar."

"Wy kinne no sûnder druk lekker oefenje", seit Van der Meulen. Hy moast noch begjinne te trainen. "We ha it skip noch net iens optúgd."

Feike Jan Hoekstra en Klaas van der Meulen

It is foar it earst yn 75 jier SKS dat der gijn kampioenskip fersyld wurdt. Omrop Fryslân sjocht werom op de hichtepunten út de skiednis fan it skûtsjesilen, yn in spesjale rige fan It Skûtsjesjoernaal. De earste útstjoering is op moandei 20 july.

(advertinsje)
(advertinsje)