Feteraan Theo van der Zanden rûn mei op Feteranedei

Nasjonale Feteranedei is in earbetoan foar de goed 100.000 feteranen yn it lân. Gewoanwei rinne der tûzenen feteranen troch Den Haag op dizze dei, mar troch de coronakrisis mochten mar fjouwer minsken meidwaan. Boppedat is it defilee al earder opnommen. Ien fan de fjouwer feteranen dy't wol meirinne mocht wie Theo van der Zanden fan De Jouwer. Hy hat as militêr ûnder oare mei west nei yn Libanon, Irak en Afganistan.
© Nederlandse Veteranendag
De dei waard yn oanpaste foarm organisearre, mei in programma yn de Ridderseal foar in lytse groep dat live útstjoerd is troch de NOS. Njonken minister-presidint Mark Rutte, minister dan Definsje Ank Bijleveld, Kommandant fan de Striidkrêften Rob Bauer en de Ynspekteur-generaal fan de Kriichsmacht, Frank van Sprang wiene der mar fjouwer feteranen by. Yn Fryslân wenje goed 5.200 feteranen.

'Heel apart'

"Het is heel apart dit jaar omdat er niets is, het Malieveld is leeg," seit Van der Zanden. "Het is een paar weken terug opgenomen, er was verder helemaal niemand. Dat is wel heel apart. Op uitzending doe je met kameraden, nu met niemand. We missen wel dat we elkaar nu niet tegenkomen in Den Haag. Ik ben een paar dagen geleden naar Terherne geweest, daar heb ik een drankje gedronken met een kameraad van Libanon. We hadden elkaar 37 jaar niet gezien. Dat is het veteraan en militair zijn, dat het dan meteen weer goed is."
Theo van der Zanden fan De Jouwer