Obligaasjes moatte fan doarpshûs Lippenhuzen in kultuerhûs meitsje

27 jun 2020 - 13:14

Brassband De Spijkerpakkenband is sûnt 2019 de eigener fan it âlde doarpshûs De Mande yn Lippenhuzen. De band hat grutte plannen mei it pân: it moat in kultuerhûs wurde mei de namme 't Spikerplak. Om it jild dêrfoar byinoar te krijen, hawwe 'De Spikers' in spesjaal plan betocht.

De Spikerpakkenband - Foto: Facebook: Brassband De Spijkerpakkenband

Der is in spesjaal obligaasjeplan opsteld, sa't eltsenien meihelpe kin om it kultuerhûs oan De Buorren te ferwêzentlikjen. It bestjoer sil obligaasjes útjaan, yn kombinaasje mei in periodike jefte moat dat it nedige jild byinoar helje. De obligaasjes wurde útjûn yn gearwurking mei SponsorVisie.

Yn july 2019 hat De Spijkerpakkenband foar 150.000 euro it doarpshûs kocht fan de gemeente Opsterlân. De band bestiet sûnt 1989 en siet oant ferline jier oan de Leitswei op De Gordyk, mar dêr rûn it hierkontrakt ôf. Mei in nij kultuerhûs moat der net allinne plak wêze foar de repetysjes, lessen en workshops fan de band, mar ek foar oare kultueroanbieders.

Ponghâlder Eelko Hallema

(Advertinsje)
(Advertinsje)