It Fryske Gea komt mei livestream-ekskurzjes: snein troch it Easterskar

De Fryske natuer libbet op dit stuit folop, skriuwt It Fryske Gea. Mar de natuerorganisaasje kin it net oan it publyk sjen litte. Alteast, net yn it écht. It Fryske Gea hat dêrom wat oars betocht: livestream-ekskurzjes. Snein is de earste online ekskurzje troch it Easterskar by Rotstergaast en Rotsterhaule.
Natuergebiet It Easterskar by Rotstergaast en Rotsterhaule © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Henk de Vries is snein de gids troch it natuergebiet. Hy leit it ferhaal út: "Wy wolle wat besykje, want troch it coronagedoch moasten wy ús ekskurzjes stopsette. Dat is spitich, want sa kinne de minsken minder fan de natuer genietsje. By sportwedstriden sjogge je wol livestreams en dêrom tochten wy: dat kinne wy ek. Dus dat dogge wy snein foar it earst."
De Vries seit dat it fernijing is dêr't de organisaasje wat mei kin. Ek foar letter. "Want net eltsenien kin samar it fjild yn, lykas minsken mei in beheining. Dat kin sa wol."

Op YouTube yn de sompe

De natuertour duorret in lytse 45 minuten. "Ik sil it fjild yn mei twa jonge kollega's dy't foar it byld en lûd soargje. Dat wurdt trochstreamd nei ús YouTube-kanaal en dêr kin eltsenien it live meimeitsje. Gewoanwei stappe je faak mei mear as 10 minsken yn in gebiet om, mar dat kin no net. As je om in bistje of plantsje hinne stean wolle, moat de sirkel fanwegen de 1,5 meter wol hiel grut wurde. Dan giet ek in part fan de wearde ferlern."

Fariaasje fan it Easterskar

De Vries ken it gebiet tige goed. "Ik doch oars net echt ekskurzjes, dat wurdt dien troch frijwilligers. Mar ik bin fertroud mei it gebiet. It is in tige moai gebiet mei in soad fariaasje. It leit westlik fan It Hearrenfean en eastlik fan de Tsjûkemar. It is in wiet gebiet, mei wetter, sompe, reidlannen. In soad fariaasje, dus ek in soad te sjen: fûgels, otters en prachtige begroeiïng by de sleatten."
Ek hat it Easterskar in nijsgjirrige histoarje, seit De Vries. "Yn dizze omkriten is in soad feangrûn ôfgroeven, mar dit stik is sparre bleaun. Dat is in hiel apart ferhaal, mar dat bewarje ik foar snein."
Der sil ek in chat-funksje by de livestream wêze, dus eltsenien kin fragen stelle dêr't yn of nei de ekskursje in antwurd op komme kin.
Henk de Vries fan It Fryske Gea