SKS is dúdlik: kampioenskip skûtsjesilen giet definityf net troch

Dit jier komt definityf gjin kampioenskip skûtsjesilen yn de SKS. Dat meldt de SKS. Nei oanlieding fan de ferrommingen fan de coronamaatregels dy't it kabinet earder dizze wike oankundige, hat dy organisaasje ûndersocht oft in kampioenskip dochs noch mooglik wie.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
It bestjoer fan de SKS hat kontakt hân mei meardere skippers, wedstriidkommisjes en eigeners fan skûtsjes om te peilen oft der dochs noch in kampioenskip mooglik wie. Der hat ek kontakt west mei de Feilichheidsregio, en mei meardere boargemasters.

'Maatregels binne net dúdlik'

Neffens de SKS is it organisearjen fan de wedstriden gjin probleem, mar it soe op koarte termyn net dúdlik te krijen wêze mei watfoar maatregelen der yn it publyk en op de folchskippen rekken holden wurde moat.
Boppedat is der noch mar in bytsje tiid foar de skippers en bemanningen om har goed ta te rieden op it kampioenskip. Dat soe de feilichheid op it wetter en op de skûtsjes net te'n goede komme.

Ynkomsten ferlern troch corona

En dan binne der ek noch skippers dy't sizze dat se gjin folsleine bemanning mear regelje kinne, of dat se sels oan it wurk binne, omdat se de ynkomsten dy't se ferlern ha troch de coronakrisis wer weromfertsjinje wolle.
In kampioenskip sûnder publyk is gjin opsje, seit it bestjoer fan de SKS. Dat soe 'SKS-ûnweardich' wêze. De organisaasje wol yn in wykein yn septimber wol in wedstriid organisearje, om te fieren dat de SKS dit jier 75 jier bestiet.
It is foar it earst yn 75 jier SKS dat der gijn kampioenskip fersyld wurdt. Omrop Fryslân sjocht werom op de hichtepunten út de skiednis fan it skûtsjesilen, yn in spesjale rige fan It Skûtsjesjoernaal. De earste útstjoering is op moandei 20 july.