Fryske aktivist bekent brânstifting by eineslachterij yn Gelderlân

27 jun 2020 - 14:47

In bekende diere-aktivist út Fryslân is ferantwurdlik foar in brân by in eineslachterij yn Gelderlân. Op bewakingsbylden is te sjen hoe't er behalve de frachtweinen fan it bedriuw ek himsels by fersin yn de brân stekt.

De man dy't op de bylden te sjen is, is bekend as de 'Vegan Streaker' út Stiens. Hy hat de brânstifting bekend. Dat befêstiget syn advokaat nei berjochtjouwing yn De Stentor. Neffens de advokaat hat de man 'minimale verwondingen' oan de aksje oerholden. Hy soe in folsleine bekentenis ôflein ha.

De aktivist melde himsels twa dagen nei de brân by de slachterij op it plysjeburo. Dat wie ein maaie. Sûnt dy tiid sit er fêst.

By de brân binne fiif frachtweinen ferlern gien. Dy wiene laden mei keunststof kretten, en dat soarge foar in protte reek. Der wiene ek eksploazjes te hearren.

It wie al frij gau dúdlik dat de brânstifter in aktivist wie. Neidat er himsels yn de brân stutsen hie, die er syn broek út. Dêrby ferlear er de autokaaien dy't er by him hie. De auto waard in eintsje fierderop oantroffen, en it wie bekend fan wa't dy wie.

"Ze maken je overal voor uit"

It is net foar it earst dat in bedriuw yn de plomfeesektor te krijen hat mei aktivisten, seit Gertjan Tomassen. Hy is de eigener fan it bedriuw dat troffen waard. "Meestal gebeurt het in de weekenden, maar ze weten dat wij door de coronacrisis nu stilliggen. Dat bood een mooie gelegenheid om het doordeweeks te doen."

Hy makket noch folle mear mei, sei er earder tsjin Omroep Gelderland. "Eigenlijk wil je daar niet mee naar buiten. Ze maken je overal voor uit. Medewerkers worden daar wel eens bang van."

(advertinsje)
(advertinsje)