Omrop TIP: De oarloch fan heit en mem

27 jun 2020 - 10:05

75 jier nei de lette befrijing fan Skiermûntseach libbet de oarloch noch yntins yn de hollen fan bern fan nei 1945. Al binne op it lytse eilân de spoaren fan de oarloch o sa sichtber, dochs binne der noch in soad fragen dêr't noch net in antwurd op is. Yn De Fryslân DOK 'De oarloch fan heit en mem' geane fjouwer bern op syk nei it ferhaal fan har âlders.

Wytske Maris

De mem fan Wytske Maris droech har libben lang de gefolgen fan in bomynslach op it âlderlik hûs. Wytske har beppe en in tante kamen dêrby om it libben.

Bommen op het huis van Wytske haar oma - Foto: Omrop Fryslân

De mem fan Wytske koe libben ûnder it pún weihelle wurde. Se ferhuze letter werom nei Amsterdam, dêr't se in grutte sjitpartij op De Dam meimakke. Alles wat der yn de oarloch barde, bleau ek yn de jeugd fan Wytske altyd te fernimmen. Har mem hie in oarlochstrauma, wat se pas folle letter begrepen.

Wytske Maris - Foto: Omrop Fryslân

Yvo Verschoor

It Joadske famke Julieke de Levie dat ûnderdûkt siet op Skier, wie de mem fan Yvo Verschoor. Julieke siet earst mei har suske op in adres yn Burgum. Troch skoaljuf Martha Karst, dy't fan Skiermûntseach kaam, waard se meinommen nei it eilân. Julieke hat altyd kontakt holden mei juf Karst.

Julieke de Levie (l) bij 'juf' Martha Karst - Foto: Omrop Fryslân

Yvo is noch mar 14 jier as syn mem ferstjert. Jierren nei har dea giet Yvo nei it eilân om mear ferhalen te witten te kommen. Ut gesprekken mei twa skoalfreondintsjes fan syn mem komt hy der efter dat Julieke op it eilân har lokkichste jierren belibbe.

Yvo Verschoor bij Miep Rutgers - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)