Ljouwerter plysje ried seis kear út foar lûdsoerlêst yn simmerske nacht

De plysje fan Ljouwert moast yn de simmerske nacht fan freed op sneon ferskate kearen op 'en paad fanwegen lûdsoerlêst. Guon minsken binne warskôge en yn twa gefallen wiene der drugs yn it spul.
© Shutterstock.com (ArtOfPhotos)
It gie om wenten oan de Wilgenstraat, Anjelierstraat, Bleeklaan en Gardeniersweg. De bewenners fan dy wenten hawwe in warskôging krigen. As it nochris bart, krije sy in proses-ferbaal.
Oan de Grote Hoogstraat wie in 26-jierrige man fan Capelle aan den IJssel ûnder ynfloed fan drugs. De plysje krige in melding dat de man oan it razen wie. De man is mei in ambulânse meinommen nei it MCL. Ek op de Oldegalileën wie in persoan ûnder ynfloed fan drugs. It gie om in 23-jierrige Ljouwerter. Dizze fertochte is oanholden en ynsletten.