Danny Micola wurdt foarsitter fan iishockeykompetysje BeNe League

27 jun 2020 - 08:43

Danny Micola fan It Hearrenfean wurdt de nije foarsitter fan de BeNe League, de iishockeykompetysje fan Nederlân en België. Micola wie earder ek foarsitter fan iishockeyklup UNIS Flyers op It Hearrenfean.

Argyffoto - Foto: Martin de Jong

Hy folget Pascal Nuchelmans op, dy't de ôfrûne fjouwer jier sûnt it begjin fan de kompetysje foarsitter wie. Yn de BeNe League spylje alve iishockeyklups út Nederlân en België tsjin inoar. "Wat foar my wichtich is, is it ferskil tusken de lannen. Tusken de Belgische IJshockey Federatie en IJshockey Nederland wiene der wol in tal ferskillen doe't ik der by kaam. Benammen oan de kant fan it gearkommen. Je moatte respekt foar inoar hawwe en je wolle úteinlik itselde. De sfear is goed," seit Micola.

Coronafirus

Wol hat de sport te lijen ûnder it coronafirus. "Wy wolle der dit seizoen soargje dat der stabiliteit komt. Der binne fansels wol genôch probemen mei it coronafirus, dat moatte wy earst ûnder kontrôle krije. Want dat is wol de grutste soarch. Der is in soad kontakt oer mei de klups."

Klups en jongelju

En dy klups binne wol wichtich. "Foar ús binne der genôch klups. Je hawwe wol goeie klups nedich foar in lykwichtige kompetsysje, klups dy't it sels ek wolle. En sy wolle wol, mits der genôch minsken op de tribune komme. De eksploitaasje is tige wichtich foar de klups. Dat is in hiele opjefte."

Aldergeloks binne der in soad jongelju dy't wol wolle, seit Micola. "Op It Hearrenfean binne der ôfrûne seizoen goed 50 leden bykaam fan tusken de 8 en 10 jier. Dat is in prachtich oantal, as eltse klup sa groeit meitsje wy grutte stappen."

Dêr moatte de fasiliteiten wol foar wêze. "Eltsenien ken de problemen mei Thialf, mar as bûn hawwe wy dêr minder mei te krijen. Der is wol oerlis tusken bûnen en stadions, mar by need binne je kreatyf. IIshockeyklups binne wol wend om mei soad bern op it iis te stean, dat kin wol. Moai is it net, mar it kin prima," jout Micola oan.

Danny Micola

(Advertinsje)
(Advertinsje)