Kollum: "Ierdbeien mei slachrjemme"

27 jun 2020 - 08:22

"It is in frjemde simmer, sa sûnder alle eveneminten. Ien fan de hichtepunten is foar my alle jierren it tennistoernoai op Wimbledon. It stiet bol fan allegearre Britske tradysjes, ierdbeien mei slachrjemme en de ivige hoop fan de Ingelsken dat der wer ris in echte Ingelskman winner wurde sil.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

De Brit Andy Murray wûn yn 2013 en 2016 it toernoai, mar ja, dat is in yn Glasgow berne Skot, dus dat telt eins net foar de puristen. Tim Henman, in echte Ingelskman, berne yn universitêr Oxford, wie der in kear as wat tichteby. Hy spile fjouwer heale finales, mar koe de druk fan de sjauvinistyske supporters net oan. Syn namme is no ferbûn oan in heuvel yn it Wimbledon Park, dy't se Henman Hill doopt hawwe. Murray Mountain hat it net lang folholden. Tim Henman is no ien fan de stiff upper lips dy't de analyze en kommentaar fersoarget. Mar, dit jier sil der net spile wurde op it hillige gers fan Wimbledon.

Dat wol net sizze dat der neat oan de hân is, want op dit stuit is de tenniswrâld yn ûnstjoer. De nûmer ien fan de ATP ranglist is de Servier Novak Djokovic. In hiele aardige keardel dy't yn it begjin fan syn karriêre syn kollega's wolris imitearre en dêr ek best goed yn wie. Hy koe bygelyks Rafael Nadal syn talleaze ticks feilleas neidwaan.

Yn dizze simmer sûnder tennis betocht de Servyske topsporter dat hy eins net folle mei de corona-gryp op hie. Hy oppenearre him as anty-faksinaasje-oanhinger, fierde op Instagram nuvere petearen mei dubieuze sjarlatans dy't slangeoalje oanpriizgen en hy bewearde ek dat troch positiviteit fersmoarge wetter spontaan suvere wurde kin. It like dus dat er wat tefolle yn de sinne sitten hie of wat nuvere medikaasje ta him naam. Hoe dan ek, Novak like it paad wat bjuster.

Dat kaam ta in hichtepunt doe't er tsjin alles dat mei corona te meitsje hie, in rige tennistoernoaien organisearre. De Adria Tour, sa as se neamd waarden, soenen yn Belgrado, Zadar, Montenegro, Banja Luka en Sarajevo spile wurde. Mei publyk op de tribunen. Mar safier soe it net komme. Want nei it twadde toernoai yn it Kroatyske Zadar die bliken dat de Bulgaar Grigor Dimitrov posityf teste op it coronafirus. It toernoai yn Belgrado en Zadar waard spile as wie der neat oan de hân, gjin oardel meter en sa mear. Boppedat waard in part fan de dielnimmende tennismiljonêrs nachts yn in nachtklup sinjalearre, dêr't se in bacchanaal feestje fierden.

Mar dat is noch net it slimste. Want flak neidat it nijs oer Dimitrov syn positive test nei bûten kaam, wie de nûmer ien fan de wrâld nearne mear te bekennen. Hear Djokovic wie Kroäsië as in dief yn de nacht ûntflechte. Fia Belgrado yn Servië, dêr't er him teste litten hat, is er nei syn wenplak Monaco flein, dit om in ferplichte test op corona yn Kroäsië te ûntrinnen.

Sawol hy as syn frou kamen posityf út de test en binne dus besmet mei it coronafirus. Dus troch trije lannen reizgje en alle regels litte foar wat se binne. De heit fan Djokovic stuts daalks de beskuldigjende finger op yn de rjochting fan Dimitrov, mar it imago fan de nûmer ien fan de wrâld hat in bêste opdonder krigen.

No hinget der altyd al in labeltsje oan Novak Djokovic. Hy fielt him yn syn glânsrike en lange karriêre minder wurdearre as publyksfavoriten Roger Federer en Rafael Nadal. Hy wol sa graach deselde gunfaktor ha. Hy fielt him, nettsjinsteande al syn miljoenen op de bank, soms in bytsje sneu. Dan helpe de strapatsen fan dizze wike net echt om syn imago op te poetsen. No ja, by de komplottinkers miskien. Dy ha wer stof om te roddeljen. Yntiids hat Djokovic syn ekskús oanbean, mar dat wie in spultsje fan moster nei it miel.

Litte we hoopje dat der oar jier wer gewoan spile wurde sil op The All England Lawn Tennis and Croquet Club. Och, allinnich dy namme al, ik krij spontaan sin oan ierdbeien mei slachrjemme."

(Advertinsje)
(Advertinsje)