Freedtenacht ferskate stroomsteuringen yn de provinsje troch hjitteweach

27 jun 2020 - 10:06

Ferskate gebieten yn de provinsje hiene yn de nacht fan freed op sneon te krijen mei in stroomsteuring, wêrûnder parten fan Ljouwert, Drachten en Noardwâlde. Op dit stuit hat inkeld in buorskip Galamadammen noch gjin stroom. Yn de rin fan de dei moat ek dizze steuring neffens Liander wer oplost wêze.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It gie yn de nacht ek om in grut gebiet yn Weststellingwerf, ûnder oare Wolvegea, Nijetrine, Aldlemmer, Sonnegea, Finkegea en Sânhuzen. Mar ek boppen de Snitser Mar wie it raak yn Dearsum, Goaiïngea, Poppenwier, Raerd, Sibrandabuorren en Tersoal. En yn it easten fan de provinsje de doarpsgebieten fan Bakkefean, De Himrik, Olterterp en Wynjewâld. Dizze steuringen binne lykwols al wer oplost.

Oarsaak: hjitte

De steuringen hawwe te krijen mei de hjitte. Dêrtroch kinne swakkere ûnderdielen fan it elektrisiteitsnet te hjit wurde en útfalle. It giet dan om ferbiningsstikken tusken kabels. Benammen yn Fryslân en Amsterdam is it in probleem.

Trefwurden: 
stroomsteuring Liander
(advertinsje)
(advertinsje)