Berenloop op Skylge giet dochs troch, ynskriuwing iepenet kommende woansdei

26 jun 2020 - 21:52

De Berenloop op Skylge giet dit jier nettsjinsteande alle coronamaatregels troch. It hurddraafevenemint stiet foar 1 novimber op it programma. Kommende woansdei al iepenet de ynskriuwing foar de minsken dy't meidwaan wolle.

Foto: Pro News

Dizze wike waard bekendmakke dat in soad sporteveneminten wer trochgean kinne. "Dat nieuws was fantastisch, maar we waren al eerder in een voorbereidende fase om de Berenloop door te laten gaan", seit foarsitter Willem Gerrits. "Dit is een extra duw in de rug."

De organisaasje kin dêrom ek gau de ynskriuwing iepenje. "We hebben snel geschakeld om de inschrijving te openen. We moeten natuurlijk nog veel dingen gaan regelen, maar daar hebben we gelukkig nog even tijd voor."

Coronamaatregels

De organisaasje hat wol te krijen mei de coronamaatregels. "Het begint natuurlijk in Harlingen, dat ze met de boot mee moeten." Dêroer hat de organisaasje in soad kontakt hân mei Rederij Doeksen. "Die garanderen ons dat ze die stroomlijn kunnen doen."

Ek by de Berenloop sels moatte minsken útinoar hâlden wurde. "De enige concessie die wij op het eiland zullen moeten doen is dat we een heel erg gespreide starttijd gaan hanteren. Dus niet meer tegelijk van de startlijn weg en in grote groepen finishen", sa seit Gerrits. De bedoeling is dat dielnimmers tusken njoggen oere moarns en ien oere middeis starte kinne.

Foarsitter Willem Gerrits fan de organisaasje

Trefwurden: 
Skylge Berenloop coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)