Noed oer mooglike sluting fiskgebiet boppe Skiermûntseach

26 jun 2020 - 20:35

De FNP yn de gemeente Noardeast-Fryslân hat noed oer de mooglike sluting fan histoaryske fiskgrûn yn de Noardsee boppe Skiermûntseach. Dat soarget foar ûnrêst ûnder de garnalefiskers fan Lauwerseach en Zoutkamp, want sy reitsje mooglik in part fan harren ynkomsten kwyt. Dêrom stelt de partij fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Fiskersskippen yn de haven fan Lauwerseach - Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

De ûnrêst is in gefolch fan it Noardsee-akkoart dat yn febrewaris, nei mear as in jier ûnderhanneljen, berikt waard tusken de ryksoerheid, de enerzjysektor, de fiskerij, natuerorganisaasjes en de seehavens. Doe wie de stimming ûnder de garnalefiskers noch posityf, mar dy is no omslein yn lilkens.

"De fiskers fiele harren passearre en binne oerfallen troch de publikaasje fan it konsept", seit Bert Koonstra, fraksjefoarsitter fan FNP Noardeast-Fryslân. "No is alles al ynkleure, en de fiskerijbûn en de fiskers binne net op de hichte steld."

Oandielhâlder

Troch sluting fan de fiskgrûn soene hûnderten fiskers yn 'e problemen komme kinne. "Al mei al giet it om 200 oant 300 minsken", neffens Koonstra. "Mar de gemeente Noardeast-Fryslân is ek oandielhâlder fan Lauwerseach. Wy binne der mei dwaande om foaral dy haven in ekonomyske slinger te jaan, en it soe fansels net bêst wêze as al dy fiskerij dêr fuort falt."

Bert Koonstra fan de FNP oer de noed fan de fiskers

(advertinsje)
(advertinsje)