Trekker giet yn flammen op yn greide by Bantegea

Yn in stik greide oan de Schoterdijk by Bantegea is freedtejûn in trekker mei in baleparse yn flammen opgien. Hoe't dat krekt barre koe is net bekend. Troch it fjoer fleach ek in stik greide yn brân.
© De Vries Media
De brânwacht fan De Lemmer en Ychten waarden oproppen om it fjoer te bestriden. Troch de brân kaam in soad reek frij. Fan de trekker en de baleparse is neat mear oer.