Limiten op komst foar feilich farren boppe de Waadeilannen

26 jun 2020 - 22:17

Foar trije ferskillende type kontenerskippen moat dúdlik wurde wannear't it noch feilich is om boppe de Waadeilannen te farren. Maritym ûndersyksynstitút MARIN yn Wageningen ûndersiket dat mei skaalmodellen fan kontenerskippen.

Mei dy skaalmodellen yn in grut bassin kinne de ûndersikers de situaasje boppe de Waadeilannen neimeitsje. Sy dogge dat foar de ultragrutte kontenerskippen (lykas de MSC Zoe), de lytsere Panamax-skippen en saneamde feeders, lykas de OOCL Rauma. Dat skip ferlear yn febrewaris dit jier sân konteners boppe de Waadeilannen.

Skippen kinne bot slingerje

Earder binne der al proeven útfierd foar de Onderzoeksraad voor Veiligheid om te achterheljen wat der krekt barde mei de MSC Zoe. "Daar zagen we dat een schip veel kan slingeren boven de wadden", seit direkteur Bas Buchner fan MARIN. Yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat wurdt no ek sjoen nei lytsere kontenerskippen.

Undersyk by MARIN yn Wageningen - Foto: Alle Faber, Omrop Fryslân

"Een groot schip reageert anders op dezelfde golven als een kleiner schip", seit Buchner. "De Zoe is een heel zwaar en breed schip. Dat reageert toch anders op de condities boven de Wadden. Een klein schip slingert misschien minder, maar water dat op het dek tegen de containers slaat is voor kleinere schepen weer kritieker. Dus we moeten voor al die scheepsgroottes bepalen wat veilig is en wat niet."

Der binne fjouwer saken dy't it farren boppe it Waad ûnfeilich meitsje kinne: het slingerjen fan skippen, hege weagen dy't tsjin de konteners oan komme, weagen dy't tsjin de skipshûd klappe en it reitsjen fan de seeboaiem.

Feilige weachhichtes

Mei de ûndersiken by MARIN wurdt foar elk type skip dúdlik watfoar weachhichte noch feilich is. Dêrmei kin bygelyks Rykswettersteat yn de takomst bepale oft skippen al of net boppe de Waadeilannen farre meie of as sy bygelyks begelieding nêdich hawwe.

Der binne twa rûtes boppe de Waadeilannen, de noardlike djippere rûte en de súdlike ûndjippe rûte. Op de súdlike rûte is de kâns om de seeboaiem te reitsjen grutter. Ek de kâns op hege weagen tsjin de konteners is grutter. "Maar", sa warskôget Buchner, "dat betekent niet dat de noordelijke route wel veilig is."

Fideo fan MARIN oer it ûndersyk:

(advertinsje)
(advertinsje)