Sporter fan de Wike: Marrit Steenbergen

26 jun 2020 - 21:04

Swimster Marrit Steenbergen wint yn 2015 op de Europeeske Spelen in gouden medalje op de 100 meter frije slach. In jier letter wurdt se Europeesk kampioen op de 4x100 meter frije slach mei de estafetteploech. Mar dêrnei wurdt it stil oangeande de no tweintichjierrige swimster fan Easterwâlde. In swiere skouderblessuere, in ferhuzing en har eineksamen vwo smite har werom, mar no wurket se yn it Pieter van den Hoogenband-swimstadion yn Eindhoven oan har rentree.

Marrit Steenbergen laket wer. It giet goed mei har, nei in pear hiel drege jierren. En dat it wer better giet, is har ôf te sjen. Se traint seis kear yn de wike ûnder lieding fan bûnscoach Marcel Wouda yn it swimbad yn Eindhoven. "Ik heb eindelijk lekker mijn draai gevonden in Eindhoven, ik voel me goed!"

"Het heeft even geduurd", jout se ta. "Toen ik hier kwam in 2017 zat ik in mijn laatste examenjaar op school. Dat liep niet zoals de bedoeling was. Ik haalde geen goede cijfers en dat kostte heel veel moeite. Met zwemmen had ik last van mijn schouders, dus alles wat ik deed, ging moeizaam. Maar nu heb ik geen school meer, zwemmen gaat goed en mijn schouders gaan goed. Het valt eindelijk een beetje op zijn plaats."

Oarsaken

De problemen fan Steenbergen hiene ferskate oarsaken. As earste: de skouderproblemen. Dêr krige se al yn 2015, op fyftjinjierrige leeftiid, lêst fan. "Toen kon ik nog wel normaal trainen, maar het werd steeds erger. In 2016 en 2017 had ik er nog meer last van. Na het Europees jeugdkampioenschap zat ik er helemaal doorheen en hebben we besloten het WK af te zeggen. Dat was het keerpunt en ging het alleen maar minder."

De pine yn har skouders wie sa slim, dat se der sels by it skriuwen op skoalle hinder fan hie. Se hat yn de ôfrûne jierren besocht har skouders op in oare wize te brûken en dat hat fertuten dien. "Maar het blijft het zwakke punt, vooral bij krachttraining."

Ferhuzing

Dêrnjonken ferhuze Steenbergen yn 2017 fan it noardlike trainingssintrum yn Drachten nei de Nederlânske swimploech, dy't traint yn Eindhoven. "Ik moest uit huis, moest alles zelf regelen en ging naar een andere school en andere ploeg. Dat was achteraf best wel lastig. Ik heb veel steun gehad aan mijn ouders en nog altijd."

Ik moest elk weekend huilen, dus ik zat best wel diep.

Swimster Marrit Steenbergen siet yn in djip dal

It tredde wat har dwers siet, wie it klearmeitsjen fan skoalle. Har vwo hie se noch net ôfmeitsje kinnen en minne sifers makken it perspektyf der net better op. Dat wie sa slim, dat se har sels thús by har âlden net goed fielde. "Ik heb best wel diep gezeten. ik weet niet zo goed hoe ik dat moet uitleggen. Ik ben van mezelf wel een beetje teruggetrokken, maar op die momenten zei ik niets meer. Thuis lag ik alleen maar op de bank, terwijl ik thuis vrolijk ben. Maar ik moest elk weekend huilen, dus ik zat best wel diep."

It folsleine ynterview mei in iepenhertige Marrit Steenbergen:

Bûnscoach fan de Nederlânske swimmers is Marcel Wouda. Sûnt 2017 is er coach fan Steenbergen en sadwaande hat er har yn de drege tiden meimakke. "Ik heb er enorm veel respect, waardering en bewondering voor, want het is nogal wat. Elke teleurstelling die je meemaakt, heeft best wel wat tijd nodig om overheen te komen. Dus ik vind het knap dat ze dit doet, heb bewondering voor waar ze staat en we gaan alle hens aan dek zetten om daar iets geweldigs van te maken."

Noch net hielendal klear

Dat wêr't Steenbergen lêst fan hân hat, liket wol wat op in burn-out. Mar oft dat it is, wit se net. Wat se wol wit, is dat se der noch net hielendal is. "Het is nog steeds niet helemaal klaar, ik heb ook nog steeds hulp van een psychologe. Het gaat nu heel goed en ik zit lekker in mijn vel, maar ik heb ook nog steeds mijn mindere momenten."

Foto: Omrop Fryslân

De grutte fraach is oft we Steenbergen oait werom sjogge op it topnivo dat se fjouwer en fiif jier lyn helle hat. Wouda wol him dêr net echt oer útsprekke. "Een van de dingen die ik niet ga doen, is speculeren over haar niveau en waar ze ooit weer terecht gaat komen. Het is voor haar super belangrijk in het hier en nu te zijn en goede dingen te doen. Dat doet ze de laatste twee, drie jaar eigenlijk al dag in, dag uit. Haar laatste wedstrijd voor de corona zwom ze ook weer een goede 55'er, dat heeft ze lang niet gedaan."

(advertinsje)
(advertinsje)