Learlingen praktykûnderwiis Singelland krije mei feestbus foar it earst diploma

26 jun 2020 - 17:25

Learlingen fan it praktykûnderwiis krije dit jier foar it earst in diploma. Foarhinne krigen sy allinnich mar in tsjûchskrift as sy harren oplieding ôfrûne hiene. Sy krigen dit om't se gjin lanlik eineksamen dien ha. Ek wie der gjin diploma-útrikking.

Minister Slob hat ferline jier yn de Wet op het Voortgezet Onderwijs bepaalt dat praktyk-ûnderwiis learlingen krekt as oare learlingen fan de middelbere skoalle in diploma krije. Dat hat mear wearde as in tsjûchskrift, sa fine de skoallen. It soarget foar erkenning. De learlingen fan it Singelland yn Drachten krigen freed mei in feestbus harren earste diploma.

Feestbus mei diploma's

Troch corona koe de útrikking fan it diploma net op skoalle plak fine. De dosinten fan it Singelland binne de hiele dei mei in iepen feestbus fol konfetty en ballonnen ûnderweis om de learlingen thús it diploma te oerlangjen. Al betiid yn 'e moarn binne de dosinten drok dwaande om de bus moai te meitsjen.

"Het is voor onze leerlingen een bijzondere dag", seit direkteur Ewoud Stadman, wylst hy in spandoek oan 'e sydkant fan de bus hinget. Hy fynt it wichtich dat praktyklearlingen no ek in diploma krije. "Het is vooral een stuk erkenning. Praktijkonderwijs is ook gewoon onderwijs en het valt niet uit te leggen dat je dan geen diploma krijgt."

Het is een stuk eigenwaarde. Ze kunnen nu tegen vrienden zeggen dat ze ook een diploma hebben.

Direkteur Ewoud Stadman fan Singelland Drachten

Stadman fynt dat it heech tiid wurdt om de learlingen fan it praktykûnderwiis te wurdearjen. It wie nuver dat sy lang nei skoalle gean en dan gjin diploma krigen ha. No stean sy lykwols sterker op 'e arbeidsmerk. "Maar het is ook een stuk eigenwaarde. Ze kunnen nu tegen vrienden zeggen dat ze ook een diploma hebben. Dat ze ook een uitreiking meegemaakt hebben", ferfolget Stadman wylst hy de bus ynstapt en de sjauffeur de motor start.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De earste stop is yn Easterwâlde, dêr't in famylje de bus fol entûsjasme opwachtet. Paulo Mamemdio Pantoja is krekt slagge en is ûnderstboppen fan de aksje fan de skoalle. Mei de hân foar de mûle sjocht hy hoe't de reade bus de strjitte ynriden komt.

"Het is wel anders dan ik verwacht had", seit Paulo. "Maar de school doet er alles aan om het toch nog leuk te maken. Dat is wel bijzonder." Mamedio wol nei de simmer oan it wurk. "Misschien leer ik nog door, maar dat is nog niet zeker."

Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

De bus rydt de hiele dei by fyftjin learlingen del. Michel van der Heide stiet al fan fier ôf te sjen hoe't de bus besiket om de smelle strjitte fan syn hûs yn te kommen. Nei wat stekwurk hjir en dêr springe de dosinten entûsjast út de bus. "Dit is wat ik woe", seit Michel mei in grutte gniis.

De wille yn syn eagen seit dat hy it nei it sin hat. "No kin ik oan it wurk. Ik sit by in auto-spuiter. Moai is dat ik no myn diploma sjen litte kin. Dat is alles wat ik woe. Foarearst sil ik noch efkes in pear wiken feeste en dêrnei folop by de auto's oan de gong."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie mei yn 'e diplomabus

(advertinsje)
(advertinsje)